Supermerk Gerkeskleaster ticht

© Omrop Fryslân
De iennige supermerk yn Gerkeskleaster en Strobos giet ticht. De eksploitant sjocht gjin takomst mear foar de winkel, omdat de doarpsbewenners yn oare plakken boadskipje, lykas Kollum, Bûtenpost en Surhústerfean.
Achter de skermen wurdt noch wol socht nei in oplossing om in lytsere super foar it doarp te behâlden. Sneon waard de winkel leechmakke. No binne der allinnich noch in slachter en in grienteman yn it doarp.