Cambuur ferliest fan Eindhoven

Cambuur-trener Jurrie Koolhof
Cambuur hat freed yn en tsjin Eindhoven mei 2-1 ferlern. Yn de 21e minuút fan de earste helte kamen de Ljouwerters op in 1-0 efterstân. Yn de twadde helte makke Ferdinand Katipana de lykmakker.
Troch in persoanlike flater fan Koen Brack makke Engin Güngor de winnende treffer foar Eindhoven. Cambuur stiet no lêste op de ranglist mei 25 punten út 28 wedstriden.