Feroarsaker ûngelok frijlitten

16 feb 2008 - 11:39
  • It ûngelok koste in frou fan 40 it libben

De man dy't tongersdeitejûn by Droegeham in deadlik ûngelok feroarsake hat, is juster troch de plysje frijlitten. De man hat fêstsitten om heard te wurden oer it ûngelok. Dêrby kaam in 40-jierrige frou út Kollumersweach om it libben.

De fertochte ried har frontaal oan, op de Lândyk by Droegeham. Hy hie tefolle dronken. Him wurdt ûnder oare poging ta deaslach en roekeleas riden te leste lein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)