Ynskriuwe fytstocht kin noch

16 feb 2008 - 10:27

De ynskriuwingstermyn foar de fytsalvestêdetocht wurdt ferlingd. De organisaasje hat dat besletten omdat it maksimum oantal dielnimmers noch net helle is. Der kinne op syn meast 15.000 fytsers meidwaan, mar oant no ta binne der 13.000 oanmeldings.

De ynskriuwingstermyn soe freed slute, mar de organisaasje hat dy datum loslitten. Minsken kinne har noch opjaan. As it oantal fan 15.000 helle is, slút de termyn dan echt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)