Lek wetterlieding Aldeholtpea

15 feb 2008 - 20:33

In lek yn in transportlieding hat freedtejûn foar problemen soarge by de wettertafier yn de omkriten fan Aldeholtpea. It lek ûntstie om healwei sânen troch noch ûnbekende oarsaak.

Wetterbedriuw Vitens hie in healoere letter yn 'e gaten wêr't it probleem siet. It bedriuw hat doe it wetter fia oare liedingen oanfierd. In diel fan de oanslutingen hie gjin wetter, by oaren wie der minder druk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)