Johansen ferlingt kontrakt

© Omrop Fryslân
Timmi Johansen bliuwt langer yn tsjinst fan SC Hearrenfean. It kontrakt fan de 20-jierrige Deenske ferdigener rûn dizze simmer ôf, mar Hearrenfean makket gebrûk fan de opsje yn syn kontrakt en dat hâldt yn dat Johansen by Hearrenfean bliuwt oant 2010.
Johansen makke begjin 2006 de oergong fan it Deenske Hvidovre nei Hearrenfean en begûn dit seizoen fjouwer kear yn de basis.