Yllegaal ôffal by Noardburgum

15 feb 2008 - 14:48

De plysje en de gemeente Tytsjerksteradiel binne op syk nei in jonge dy't op 26 jannewaris yllegaal ôffal stoart hat by Noardburgum. It giet ûnder oare om ferveblikken, plastic golfplaten en glês.

It ôffal leit op de krusing fan de Westersingel en Eastersingel. De jonge hat it ôffal der brocht mei in reade trekker. Wa't mear wit kin him melde by de plysje of de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)