Metaal-sektor wol mear lean

15 feb 2008 - 13:53

Meiwurkers fan metaalbedriuw FIB yn Ljouwert binne ree om te staken foar mear lean. Dat hat bliken dien nei de earste stakingsfergadering yn de metaal dy't yn Fryslân hâlden is.

De ûnderhannelingen oer in nije CAO binne al hast in moanne lyn ôfbrutsen, omdat de fakbûnen en de wurkjouwers it net iens wurde kinne. De bûnen wolle 3,5 persint mear lean, de wurkjouwers wolle 2,5 persint biede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)