Freed waarme truiedei

15 feb 2008 - 13:29

Freed is it waarme truiedei. Dikke truien en sjaals dêrom freedtemoarn op guon gemeentehuzen en skoallen yn Fryslân. De waarme truiedei is opset troch it klimaatferbûn. It moat minsken oansette om nei te tinken oer enerzjybesparring.

Ien fan de gemeenten dy't meidocht is Skarsterlân. Dêr stiet de ferwaarming in graadsje leger. Op it gemeentehûs wie lykwols net in soad te fernimmen fan it temperatuerferskil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)