Skerper belied MCL oer MRSA

15 feb 2008 - 13:18

Sikehûs MCL hat it belied oangeande de sikehûsbaktearje MRSA fan dizze wike ôf oanskerpe. Der wurdt ekstra kontrolearre as minsken op har wurk yn kontakt west ha mei libbene bargen of fleis fan kealtsjes.

Yn it ferline hie it MCL gauris te krijen mei ferfelende sikehûsbaktearjes. Yn Twente en Brabân hawwe de sikehûzen gauris lêst fan de MRSA-bakterie. It MCL hat der op dit stuit gjin lêst fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)