Tsjerke mei Iisherberch keapje

Iisherberch mei tsjerkegebou wurde
De protestantse gemeente yn Dokkum- Aalsum en Wetsens kin de oankeap fan de Iisherberch as nije tsjerke trochsette. In oantal leden fan de tserke hiene beswier oantekene, mar hawwe dat ferlern.
De tsjinstanners twivelje at de gemeente wol in nij gebou oanskaffe moat no't it ledetal tebek rint. De oankeap soe tefolle finansjele risiko's meibringe. De tsjinstanners binne teloarsteld oer de útspraak.