Roorda net tsjin Heracles

15 feb 2008 - 12:17
  • Risiko keunstgers te grut foar Geert Arend Roorda

Geert Arend Roorda docht tsjin Heracles Almelo net mei. Yn oerlis mei trainer Gertjan Verbeek is besletten de jonge middenfjilder bûten de seleksje te hâlden. Verbeek docht dit omdat it keunstgersfjild yn Almelo in ekstra risiko wêze soe foar de blessueregefoelige Roorda.

Pranjic is in fraachteken fanwege in blessuere oan it kût. Prager stiet yn de basis. De Noar Grindheim makket mooglik yn Almelo syn debút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)