Foppe as flaggedrager

15 feb 2008 - 12:08
  • Hantekenaksje foar Foppe as flaggedrager

Op ynternet is in hantekeninge-aksje begûn foar Foppe de Haan as flaggedrager by de Olympyske Spelen. It is wizânsje dat by de iepeningsseremony ien persoan mei de nasjonale flagge foar de delegaasje fan in dielnimmend lân útrint.

Neffens inisjatyfnimmer Henk Koolen út Rotterdam stiet De Haan no yn heech oansjen, benammen troch syn wurk by JOng Oranje. Foppe seit net op foarhân nee, sa hat er witte litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)