Tips nei flyeraksje plysje

De folderaksje fan de plysje tongersdei yn Ljouwert by de stille tocht foar de deasketten Tevfik Igli, hat meardere tips opsmiten. Ferskate minsken dy't wat sjoen ha of wat witte oer it slachtoffer hawwe har meld.
Yn de folders wurde tsjûgen oproppen har te melden. De plysje wol ek graach ynformaasje oer persoanlike of saaklike kontakten fan it slachtoffer. Tevfik Igli waard moandeitemoarn deasketten op de Brol yn Ljouwert.