MCL wol mear lúkse oanbiede

15 feb 2008 - 10:04

Pasjinten fan it MCL yn Ljouwert kinne yn de takomst mooglik rekkenje op in folle lúksere ferpleging as op oare plakken. Sa krije se mooglik in minybar by it bêd, kreaze toffels fan it hûs en elke dei in krante.

Mei dy ekstra fasiliteiten wol it sikehûs it ferbliuw sa noflik mooglik meitsje. It MCL wol sa de konkurrinsje mei oare sikehuzen oangean. Oft de lúkse dingen yn de pasjintekeamers komme hinget ôf fan ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)