200 man yn stille tocht

15 feb 2008 - 08:33

Yn it sintrum fan Ljouwert is tongersdeitejûn in stille tocht hâlden foar de 42-jierrige Tevlik Igli. De man waard moandeitemoarn betiid yn it sintrum fan de stêd deasketten.

Oan de tocht dienen sa'n 200 minsken mei. De plysje dielde flyers út. Dêryn wurde tsjûgen yn it Turks en it Nederlânsk oproppen har te melden at se tinke wat oer de saak te witten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)