Flylân op lanlik stroomnet

15 feb 2008 - 08:28

Flylân is sûnt tongersdeitenacht oansletten op it lanlike elektrisiteitsnet. De oerskeakeling is sûnder problemen ferrûn.

Oant no ta waard de stroom op it eilân mei twa dieselgeneratoren opwekt. Mar netbehearder Continuon hat yn de ôfrûne twa jier in kabelferbining troch it Waad nei Flylân oanlein. Dêrmei koe Flylân oansletten wurde op it lanlike net. Nei 5 minuten wie de oerskeakeling al foar elkoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)