Foararrest fertochte ferlingd

Tevfik Igli
De man dy't derfan fertocht wurdt dat er moandei yn Ljouwert de 41-jierrige Tevfik Igli deasketten hat, bliuwt foarearst fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris bepaald. Igli waard dea fûn by syn auto, oan de Brol. De fertochte is moandeitejûn oanhâlden.
In stille tocht foar it slachtoffer luts tongersdeitejûn in pear hûndert minsken. De plysje dielde folders út mei in oprop foar tsjûgen.