Melding beammekap ûnterjochte

© Omrop Fryslân
Nijefurd hat ûnterjochte yn 'e krante sette litten dat de beammen by de Martinitsjerke yn Koudum omseage wurde meie. Dêr binne wol plannen foar, mar der is noch gjin beslút oer naam.
Nei de publikaasje yn 'e krante binne der fjouwer protesten tsjin de kap kaam. Earst moat advys frege wurde oer de beammen. Takom hjerst wurdt echt in beslút naam. De beammen soene derwei moatte om't se it sicht behinderje op 'e tsjerke en de klok.