Aksje foar oanbliuwen Verbeek

14 feb 2008 - 08:52

Columnist Spreekluiter fan de Heerenveense_Courant iepent tongersdei in aksjeside foar it behâld fan Gertjan_Verbeek by SC_Hearrenfean.

Verbeek moat bliuwe neffens de columnist. Hy fynt it ûnbegryplik dat dizze rûge diamant fan it Noarden fuort moat by It Hearrenfean, hielendal omdat de trainer dit seizoen boppe ferwachting prestearret yn 'e earedivysje. De aksjeside is te besjen op www.spreekluiter.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)