Minder minsken by Boat Holland

© Omrop Fryslân
Boot Holland yn WTC-Expo Ljouwert hat dit jier 1500 minsken minder lutsen as de 52.000 fan ferline jier.
De oarsaak dêrfan is it moaie waar fan it ôfrûne wykein. Dat seit Douwe Sibma fan it WTC-Expo. Dat moaie waar hat lykwols gjin effekt hân op de hannel. Dy wie sa goed, dat de standhâlders it kommend jier sels mear romte hawwe wolle.