WTC-Expo wol popkonserten

De Fryske Music-Night yn it WTC-Expo
It WTC-Expo yn Ljouwert wol de kommende winter popkonserten organisearje. It evenemintekompleks tinkt dan oan grutte konserten fan bygelyks Anouk of Within Temptation.
De konserten soene op syn meast 15.000 besikers lûke kinne. Dat tal past yn de grutste fan de seis hallen dy't it WTC-Expo hat. Der hawwe al petearen west mei Mojo Concerts oer de mooglike organisaasje fan de popkonserten.