Mear besikers webside Tresoar

Hast in miljoen minsken ha yn 2007 de webside fan histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert besocht. Dêrmei hat Tresoar ien fan de drokst besochte histoaryske websides fan Nederlân. Yn 2006 kamen 600.000 minsken op de side.
De groei sit foaral yn de nije argiven dy't op ynternet set binne. Foaral de side mei Fryske kentekens luts in protte besikers. Dêrby komt dat hieltyd mear Friezen belangstelling ha foar it libben fan har foarâlders.