Soarchsintrum Sint Anne mei

13 feb 2008 - 20:28

De Raad van State fynt dat der troch it College Bouw Zorginstellingen terjochte fergunning ferliend is foar de bou fan in wensoarchsintrum yn Sint Anne. Pleatslike ûndernimmers hienen beswier oantekene.

Earder lei de Raad van State de bou fan it sintrum stil. De útspraak fan no betsjut net dat der wer boud wurde mei. Dêrfoar moatte earst de beswieren tsjin de boufergunning behannele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)