TV-searje oer De Kameleon

Direkteur Siebe Kuipers fan it Kameleondoarp
Der is in plan foar in televyzjesearje oer de Kameleon. It Kameleon-doarp Terherne wol sa mear besikers lûke. De útjouwer fan de boeken hat tastimming jûn foar de searje. Dy searje moat yn hiel Nederlân te sjen wêze, fia de lanlike omroppen of eventueel de regionale.
Meikoarten ferskynt it nije boek Zet 'm op Kameleon. Foar it earst spilet in besteande ynwenner dêr in rol yn. It is supermerkeigner Feijen.