Ljouwerter Hôf straft swierder

it Hôf yn Ljouwert straft swierder yn ferliking mei oaren
De gerjochtshôven yn Nederlân lizze gemiddeld legere straffen op as de rjochtbank. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Raad voor de Rechtspraak. Yn 45 prosint fan de gefallen jout it Hôf in legere straf. By it hôf yn Ljouwert komt dat it minst foar, dêr falt mar 29 prosint fan de straffen leger út.
Opfallend is fierder dat Ljouwert by geweldssaken de swierste straffen jout fan de 5 gerjochtshôven yn Nederlân.