Kuiperswei wurdt fernijd

13 feb 2008 - 14:39

De fundearing en it asfalt fan de Kuiperswei yn Bûtenpost wurdt yn 2009 folslein fernijd. De bewenners ha al langere tiid lêst fan it frachtferkear dat oer de dyk rydt. Dat soarget foar safolle leven en trillingen dat der skea ûntstie oan de huzen. By swiere rein ha de bewenners ek wetteroerlêst.

De gemeente hopet mei de maatregels de de lûdsoerlêst en trillingen op te lossen. Foar it wetterprobleem wurdt noch in oplossing socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)