Konflikt skoalle Raerd oplost

13 feb 2008 - 13:54

Basisskoalle it Raerderhiem yn Raerd hat in nije direkteur. Dêrmei binne de problemen oplost. In pear moanne lyn kaam Raerd yn opstân, doe't juf Sieb nei 16 jier fuort moatte soe, om't se in konflikt hie mei de direkteur. Nei aksjes mocht juf Sieb dochs bliuwe.

De skoaldirekteur en de direkteur fan de boppeskoalse organisaasje steane op non-aktyf en binne no ferfongen troch ynterim-bestjoerders. Alden binne tefreden oer dizze oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)