Noch mear fûgels nei Fûgelpits

Fûgelpits fangt noch mear oaljeslachtoffers op
By De Fûgelpits yn Moddergat wurde woansdei nochris 50 oaljeslachtoffers út Dutslân binnenbrocht. De fûgels komme út it kustgebiet fan Dútslân. Natoerorganisaasjes sizze dat sa'n tsientûzen fûgels ûnder de oalje sitte. De Dútske sintra kinne it wurk net oan en dêrom helpt de Fûgelpits.
De ôfrûne dagen binne al 220 oaljefûgels by it asyl brocht. De bisten krije earst medisinen en wurde nei in pear dagen wosken.