Ryk stipet griene enerzjy net

13 feb 2008 - 10:35

It Ryk makket it dreech om duorsume enerzjy op it plattelân te produsearjen. Dat fynt Energy Valley. De stichting stipet inisjativen op it mêd fan enerzjy dy't goed binne foar de ekonomy.

It Ryk en de trije noardlike provinsjes ha ferline jier in akkoart sletten oer duorsume enerzjy. Dat akkoart falt no hast net út te fieren om't der gjin of amper stipe is foar bygelyks enerzjy opwekke út dong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)