Jonkje yn Snits skopt en slein

13 feb 2008 - 10:06

In jonkje (12) út Heech is tiisdei slim mishannele yn Snits. Hy kaam middeis út it sportsintrum oan de Thomas Zandstrastrjitte. Oan de achterkant fan it gebou, krekt oer de brêge, waard er samar skopt en slein troch twa noch ûnbekende jonges.

Om't it slachtoffer werom focht, naaiden de dieders út, op in pearse of reade skooter. De jonges wiene likernôch 16 jier. De plysje siket om de dieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)