Fertochte sjitpartij útlevere

13 feb 2008 - 10:02

De fertochte (43) fan de sjitpartij yn Koatstertille en De Harkema wurdt woansdei heard troch de plysje. Hy is oerdroegen oan de Fryske resjersje nei't er earst fêstsiet yn Dútslân.

Hy is oanhâlden foar it deasjitten fan Murkje de Vries (36) út Koatstertille. Earder dy nacht skeat er twa ynwenners fan De Harkema del. Ien persoan rekke swier ferwûne en leit noch yn it sikehûs. De fertochte wurdt tongersdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)