Tsjûgen socht fan sjitpartij

De plysje wol prate mei elkenien dy't moandeitemoarn yn de buert wie
De plysje wol mei alle minsken prate dy't moandeitemoarn betiid yn de buert fan De Brol en de Groentemarkt yn Ljouwert west ha. Dêr waard doe Tefvik Igli (41) deasketten yn syn auto.
Tiisdei waard in 42-jierrige man út Ljouwert oanhâlden as fertochte. Hy is yntusken heard. Om de saak tsjin de man rûn te krijen wol de plysje mei elkenien prate dy't yn de buert wie, ek mei minsken dy't net wat bysûnders sjoen hawwe.