Wurkstraf foar bankdirekteur

12 feb 2008 - 17:13

De eardere direkteur fan 'e Rabobank fan Jorwert is feroardiele ta 100 oeren wurkstraf troch de rjochtbank yn Ljouwert. De man hat fan in âldere doarpsgenoate dy't klant by de bank wie, in tige grut bedrach achteroerdrukt. Hy hie in folmacht fan 'e frou en slûsde sa it jild fuort.

It slachtoffer is ûnderwilens ferstoarn, 97 jier âld. De neibesteanden hawwe gjin skeafergoeding tawiisd krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)