Lanlik sylsintrum Starteilân

12 feb 2008 - 16:46

Op it Starteilân by Snits komt in nij trainingssintrum foar silers. Dat moat derfoar soargje dat der mear Olympyske kampioenen komme. It sintrum wurdt brûkt troch ûnder oare wedstriidsilers fan 'e nasjonale kearnploech.

Deputearre De Vries joech tiisdei it startskot foar de bou. Yn it sintrum wurde syltrainers oplaat en der is omtinken foar lichaamlik handikapte silers. Der komme leslokalen en sliepplak foar tritich minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)