Folle mear rydbewizen ynnaam

12 feb 2008 - 16:05

De plysje hat yn jannewaris goed twa kear safolle rydbewizen ynnaam as yn deselde moanne ferline jier. Fan de 43 gefallen hiene twa te folle dronken en 41 te hurd riden. Ien fan 'e bestjoerders ried sa hurd dat er ek syn auto kwytrekke.

De measte oertredings wiene op de Ofslútdyk. Mooglik hawwe de stakingsaksjes fan 'e plysje derfoar soarge dat bestjoerders harren minder oan 'e regels hâlden hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)