Tennisje op keunststofgravel

Tennissintrum De Molen op sportpark Kealledykje yn Ljouwert wurdt de kommende tiid opknapt. Der komme ûnder oare tsien nije gravelbanen fan keunststof en nije ferljochting, en de kantine wreidet út. Dêrfoar moatte 42 beammen wike.
Boppedat binne der plannen foar in nij fitnesssintrum by de hal fan De Molen. Foar 1 april moat it wurk dien wêze. Oant salang moatte de leden gebrûk meitsje fan 'e tennishal.