FNP-enkête oer weryndieling

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Gaasterlân-Sleat wolle gjin gemeentlike weryndieling. Dat docht bliken út in enkête fan de FNP. De partij hat dy pleatse litten yn in hûs-oan-hûs-krante. Der hawwe 190 minsken op reagearre. Goed sân op 'e tsien ynstjoerders binne op weryndieling tsjin. As it al moat, dan is de mearderheid foar de fariant fan in plattelânsgemeente sûnder Snits. Dy krijt ek de foarkar fan 'e foarstimmers.