Europeeske besite oan skoallen

Leararen út Hongarije, Spanje en Turkije stekke yn Fryslân harren ljocht op oer meartalich ûnderwiis. Se sjogge dêrfoar op it Marne Kolleezje yn Boalsert. Bern kinne dêr foar in grut part les yn it Ingelsk krije. It Ingelsk is dan de fiertaal by de lessen wiskunde of gymnastyk.
De delegaasje sjocht ek noch op Fryske trijetalige basisskoallen. De besite is organisearre troch it Europeesk Platfoarm foar ûnderwiissaken.