Duorsume enerzjy keallet swier

© Omrop Fryslân
Subsydzje foar duorsume enerzjyprojekten binne dreech te krijen. Dat die bliken by de ôfsluting fan it North Sea Bio Energy Projekt. Fryslân is mei Skotlân, Dútslân en België begûn mei it opsetten fan duorsume projekten. Sa wurdt Revalidaasjesintrum Fryslân yn Beetstersweach mei hout ferwaarme. It is de bedoeling nije projekten te begjinnen yn it gebiet om 'e Noardsee hinne. Dêr is noch gjin jild foar.