Winst Dokkumer flaggefabryk

Winst foar Dokkumer flaggefabryk
De Dokkumer Vlaggencentrale hat ferline jier in winst fan 7% makke. Omrekkene komt dat del op hast 7 ton. It flaggefabryk is dêrmei merklieder yn Nederlân op it mêd fan it bedrukken fan doeken en it leverjen fan mêsten.
De festigings dy't it bedriuw ferline jier yn Utrecht en Amsterdam iepene hat, hawwe it ek goed dien. It fabryk wol boppedat yn Rotterdam begjinne. Der binne fierders ek plannen om út te wreidzjen nei it bûtelân.