Sjauffeur falt fan frachtwein

© Omrop Fryslân
In 66-jierrige frachtweinsjauffeur is moandei yn Minnertsgea ferwûne rekke nei in fal fan syn frachtwein. Nei alle gedachten foel er by it fêstsetten fan it dekkleed fan de frachtwein.
By de fal rekke de sjauffeur út Swifterband út 'e tiid. Neist in ambulânse waard ek in traumahelikopter ynset. Dy hoechde net yn aksje te kommen. De man is mei de amulânse nei it MCL yn Ljouwert oerbrocht.