Ungelok troch bank op autodyk

© Omrop Fryslân
In reade bank hat moandei foar brokken soarge op de autodyk A31. De bank lei op 'e dyk. In 23-jierrige frou út Harns botste mei har auto op de bank. Dy bruts yn stikken en fleach troch de loft. Ien stik bank rekke de auto fan in 39-jierrige frou út Harns. Beide auto's rekken swier skansearre.
De bank is nei alle gedachten fan in oanhangwein fallen. De plysje freget tsjûgen harren te melden op telefoannûnmer 0900-8844.