Opnij beswieren Wyldemerk

© Omrop Fryslân
Omwenjenden fan de skoalle foar probleemjongeren oan de Wyldemerk by Harich hawwe moandeitejûn nochris beswier makke tsjin de 24-oersskoalle. Yn in iepenbiere harksit op it gemeentehûs mochten 7 tsjinstanners noch ien kear fertelle wêrom't se de skoalle net yn har buert ha wolle.
De rjochter oardielde twa wiken lyn dat de beswieren fan de omwenners net jildich binne. B&W dogge oer in pear wiken útspraak oer de beswieren.