Skarsterlân yn beweging

It gemeentehûs fan Skarsterlân (foto Martin de Jong)
'Eet en beweeg je fit' sa hjit it BOS- projekt fan de gemeente Skarsterlân. BOS stiet foar Buurt, Onderwijs en Sport. It projekt is in gearwurking fan ferskate skoallen en ynstânsjes en is bedoeld om bern mear yn beweging te krijen en sûn te hâlden.
Alle skoallen kinne in eigen ynfolling oan it projekt jaan. Wethâlder Walrecht fan de gemeente Skarsterlân joech al springend de ôftraap foar it projekt op De Jouwer.