Rapper krijt glês yn gesicht

© Omrop Fryslân
In besiker fan de Ljouwerter club Noa op de Nijstêd hat sneontenacht in glês yn it gesicht goaid fan in rapper dy't oan it optreden wie.
De rapgroep The Opposites wie yn de diskoteek oan it optreden. De rapper Big2 krige it glês op syn jukbonke wêrnei't dy bliedzjend it poadium ferliet. De befeiliging fan de club hat nei oanwizingen fan oare besikers de goaier fan it glês oanhâlden en en oerdroegen oan de plysje.