Bank mei ekowenten net brûke

11 feb 2008 - 10:48

De Friesland Bank hie net sûnder tastimming foto's brûke mochten fan de enerzjysunige wenten yn it Starumer projekt de Groene Leguaan foar syn reklame. Dat hat de rjochter bepaald.

De betinker fan it projekt hat de bank foar de rjochter daagd. Hy kin it net sette dat de ydealistyske miljeufreonlike wenwyk brûkt waard foar in hypoteekkampanje fan de bank mei gjin oar eachmerk as jild fertsjinjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)