Aksje om stikkene lantearnpeal

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Boalsert sette moandeitejûn de strjitte ôf mei kearskes om te protestearjen tsjin de stikkene strjitferljochting. De Grote Kampen sit al 14 dagen sûnder ferljochting.
De bewenners, foaral âlderein, wol in needoplossing mar dy komt der net. Mei in blokkade fan waksineljochtjes fiere bewenners dêr aksje tsjin. Letter dizze wike sil it enerzjybedriuw de lantearnpeallen meitsje.