Man delsketten yn Ljouwert

11 feb 2008 - 10:09
  • In gebiet fan 200 meter is ôfset foar spoare-ûndersyk

De deade man dy't moandeitemoarn fûn is op 'e dyk yn Ljouwert, is it slachtoffer fan in sjitpartij. Dat hat de plysje bekend makke.

De man fan 41 jier is besketten wylst er yn de auto siet. Der is noch besocht de man te reanimearjen, mar dat is net slagge. De identiteit fan de man is yntusken bekend. In grut gebiet om it plak fan it misdriuw is ôfset foar spoare-ûndersyk. Tritich plysjeminsken wurkje oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)