Stoflik omskot fûn yn Ljouwert

De sjitpartij wie op dizze brêge (foto Michel van den Berg)
By de Groentemarkt yn it sintrum fan Ljouwert is moandeitemoarn om seis oere it stoflik omskot fan in noch ûnbekende man oantroffen. De man lei op strjitte. Der stiet ek in auto fan in broadsjebesoarchsaak wêrfan it rút oan de bestjoerderskant besketten is. De plysje hâldt der rekken mei dat de man troch in misdriuw om it libben kommen is.
Yn ferbân mei it ûndersyk is de omjouwing ôfsetten.